 |
't Heidenskip
Twa tsjerken efter by de mar,
wat huzen der om ta.
Mar soene der gjin skippen lizze,
'k Leau.... 't soe gjin namme ha.
Sjocht men dat plakje
Fan út 'e fierte,
Dan tinkt men: wat
Soe dat wêze foar in gat?
Wat hjir wurdt beskreaun
Dat 's net oerdreaun
It lytste plakje hast,
Op Fryske groun wol fast.
Mar wa't it noch net riede kin,
Dy jouwe wy dan mar syn sin.
't Is Brânburren, sa neamd,
Dêr is net folle beamt.
En by dy tsjerken, skoalle, huzen, skippen, minsken,
Heart - sa is 't net kompleet -
In hiele greate krite
Mei boeren, pleatsen, fee en reed.
Dat is 't oeral bekende Warkumer Heidenskip.
Of ha jo der noch nea fan heard?
Wit jo net wat der wennet, net wat oars begeard?
't Is 't leafste, moaiste plakje
Yn 't âlde wetterlân.
Dêr is gjin bosk, gjin heide en gjin sân.
De wyn dy waait dêr frij 't griene greide lân oer!
K.
(Jan Kortlever, 1946)
|
|