Ho 't Evangeelje yn it  Warkumer Heidenskip kaem
Protestantse Gemeente It Heidenskip      |   start
Baptisten Kerk   |   Ho 't Evangeelje yn it  Warkumer Heidenskip kaem   |   Statuten Vereeniging tot Evangelisatie  |  Gastenboek
Kerkhistorie

Ho 't Evangeelje yn it Warkumer Heidenskip kaem.

    Men skreau it jier 1877 do 't Geart de Boer, timmer-
mansbaes to Aldegea oan de Brekken yn Wymbritsera-
diel forfarre moast om 't it spiltsje, dêr 't er huze, wier
ûnder de hammer kommen en hie in oar eigener krige.
Hy wier der earst mei oan, hwersanne nou to wenjen, do
't ien fan syn frjeonen, dy 't in soan yn 't Warkumer
Heidenskip as kûper hie, tsjin him sei: ,,As ik yn jou
skoen stie, Geart, ik gie op it Heidenskip oan, der is gjin
timmerbaes en myn soan hat in gnap fortsjinst der mei
kûpjen.'' Dat wier nin doven-ien sein en sa sette er de
stap nei 't Heidenskip om ris poalshichte to nimmen. Mar
hy sette in pear eagen op do 't er dêr neat mirk dan in
wide, wide rûmte fan allegear lân en greide, platikkerich
as in flier, en derop hjir en der hwet timmerte, dan ris
in boerkerije en dan ris in arbeiderswente.
    Hy moast wol efkes suchtsje, mar ûnbimirken roun it
út op in stil gebet: ,,Heare, as it hjir op ta moat, o wolle
Jy my dan ta 'n lieds- en riedsman wêze!'' Om him hwet
te biwisjen trape er dy dei noch in stikmannich boeren
lâns om hjarren ris oan de pols to fielen. De iene oardele:
,,It liket my skoan ta'', in oaren-ien loek oan it skouder
mei in: ,,Ik wit n't! ik wit n't!, en in tredden-ien for-
smiet neistenby it plan mei in: ,,Jy moatte jo-sels bifiem-
kje, mar it wirdt neat''. Baes kûper lykwols hie der wol moed
op en joech to kennen: ,,Stiltsjes op tou sette en stadich-
wei trochsette; en ik siz 't jo, it scil wirking dwaen. Ik
hab it ek al ûndernommen, en hab gjin reden fan spyt.''
Do naem Geart de omswaei nei hûs, knibbele foar it op-
bêd-gean mei syn wiif del en lei de saek for de Heare
bleat.
Friso 29-11-1876
    Do 't er de oare moarne wekker waerd, sei er tsjin it
wiif: ,,ik wit it klear: ús wei is nei 't Heidenskip; it is
Gods wei.'' Nou dunen lykwols earst de biswieren op,
hwent it hele Heidenskip yn 't roun wier gjin hûs der
't er oan de slach reitsje koe, en it hapere oan splint om
sels in hûs del to setten. Hy pandere wer in kear der
hinne, foarske danich nei, en kaem einlings to praet mei
in widdou, dy 't koartlyn hjar man forlern hie en sûnt
de boerkerije oanhoud. Hja fortelde him: hja hie doel
yn 't koart bislach en reau to forkeapjen ,,En'' - sei hja -
as 't nou goed liket, scoeden jy myn stâl ta 'n wente
meitsje kinne, alteast as de foogd fen myn bern testim-
ming jowt; fen myn kant hat it gjin biswier, en jimme
moatte it der mar ris oer habbe,'' Geart die sa, mar de
foogt woe yetris mei syn sister deroer prate, en
Geart scoe dan mei 'n fjirtjin dagen wer oankomme.
Wol hwet swiersettich teach er op Aldegea ta, doch hy
krige rombaen, do 't er alle muzenêsten wer kwyt reitsje
mocht foar Him, dy 't it minskeherte as in ryske bûgje
kin. Syn gelove rekke net biskamme, hwent do 't er wer
by de foogd kaem, wier foart it akkoart klear. Howol,
dêr die in nij biswier him op: ho fen de stâl in gnap en
tsjep wenhûs to meitsjen? Hy wier glêd ,,ruth'' en der
moast gâns hwet fortimmere. Mar alwer waerd it wird
wier makke: ,,As God stipet, hwa scil it keare?'' By in
goekinde en noch in goekinde toarne er hwet jild los op
ôfbetelling, in broer fen de widdou holp him tige by it
timmerwirk; ien mei oar: hy rekke yn it Warkumer
Heidenskip ûnder dak. En ienkear op 'e gleed, wier it
meraeklik ho 't fen alle kanten it wirk him oansocht,
sadet er it mei gauens allinne net yn de macht hie, en
der in jongfeintsje as help by moast. - Ringen waerd
de man mei de kontrei better bikend, en nou seach er
klear yn hwerom de Heare him hjir delset hie.  
    Yn 't Heidenskip gie it dytiids snijsum, sa net skou en
heidensk ta. Tsjerkjen dieden hja net oan, wol waerd
der keapmanne, napoleonne, kloppe, krús- en skutjasse,
dochs net út tiidkoartinge, mar hja jeneveren, flokten,
swetsten en pûlken ienoar de gounen út de pong. En
Geart siet der midden yn as Loth yn Sodom, en do 't er
in goe-joune de Skrift lies by Iepenbiering II fers 13:
,,ik wit det derstû wennest, de troane fen Satan is,'' sei
er tsjin syn wiif: ,,dat slacht ek op ús.'' En as er derop
in oerlûd gebed die, frege hy: ,,Heare, hwet wolle Jy
dat ik tsjin al dy oerdwealskens om my ta, dwaen scil?
En it antwird dêrop bleau net út, hwent de Heare joech
him yn it herte om to bigjinnen mei in sneinsskoalle.
Om der bern op to krijen gie hy op in liddige joune nei
de earste de bêste arbeider yn de bûrren, dy 't in hele
keppel bern hie. En dy brocht er yn kennis mei syn
foarnimme. ,,In sneinsskoalle?'' foel de arbeider yn, dy
't him ûnnoazel houd. ,,En hwet is dat? hwet scoe, hwet
moat dat?''
    ,,Dus jy wistene 't net?''
    ,,Nou né, nou ja! men hat alris grútsjen heard, yn stêd
scoeden hja mei sa'n gedoente piele, mar hjir yn de kâld-
wiete legen, hwet scoe 't om 'e hakken ha?''
    ,,Hou efkes! net sa fier forsmite hwet jy nette kenne,
stjûr jou bern der mar ris hinne.''
    ,,Nou, ik wit ried: ik scil my der ris op bisliepe.''
Geart sloech de wyks forfêst in pear skragen yn ienoar
helle de rûchskaef oer in pear planken en leauwde fêst:
de sneinsskoalle komt der.
    De Sneine-efterdei tsjin twaën siet er hwet ûnrêstich
yn de timmerwinkel en mikere ôf en ta ris troch in
biware rútsje. Einlings, ja, in lytse kliber bern dage op!
Hy telle saun bern yn tal! ,,Dat 's in heilig tal,'' tocht
er, ,,in foarsizzing for mear.'' De bern namen elk in sit
yn de timmerskûrre; hy die gebet en frege God oft
Hy  saun útdije woe ta sauntich. Hy learde it lytse folk
sa 'n rymke, fortelde in moaije skiednisse út de bibel,
joech hjarren for fen bûten learen in pompierke, mei in
psalm derop, en einge mei in gebet.
    De ynset wier der; en it tal bern tsjokke eltse Snein
oan. Hja hieden wakker skik yn dy moaije Sankeylied-
tsjes as: ,,Veilig in Jezus armen'' en ,,Kloppend, kloppend,
wie is daar?''  O, mar dat foel der yn, en mei koarten
wieren der sa'n fyftich beukers op de sneinskoalle. En
der bleau it net by; ek in heit of in mem kaem al ris to
harkjen; op 't lêst kamen safolle folwoeksenen det de
rûmte bisteld rekke. De âlderen songen dan mei de oan-
kommelingen mei, en it gie troch latwirk en bynten nei
omhegens: ,,Veilig in Jezus armen.''
Ira David Sankey 1840-1908
    Eindlik bitochte Geart: ,,It is sa fier der moat ien
komme om it evangeelje to forkûndigjen.'' En hy sette
de stap nei Snits, der 't er ôf en ta wol tsjerke by Horn,
dy 't yn syn tiid mei frucht ûnder it earmere folk ar-
beide. Sa'n foarûnderke of sa'n reeknêst wier der net to
bikennen oan it Bonkehok, yn 't Súrein of yn de Brou-
wersstege of Horn hie der west om it evangeelje to brin-
gen. ,,Sa 'n skripper, evangelist-earste klas foeget ús krekt
hjir yn it Heidenskip,'' tocht Geart, en hy kaem net foar
de tadoar. Horn naem Gearte oansiik oan, en ûnthiet by
de earste ljochtmoanne yn syn timmerhok preekje to wol-
len. It waerd oansein yn it nijsblêd, en bûtendat bikend-
makke troch it Heidenskip. Geart binifele en biknutsele
noch ien en oar, krige in preekstoel mei noch in stik-
mannich banken klear en sa kaem der gaedlik spil for
de gearkomsten.

ds. Johannes Horn
    It wier hwet spiksplinternijs for de Heidenskippers:
preekje. En dat sa koart om hjarren ta! Ommers sieten
hja sa fier oan it foetten-ein fen wol fjouwer gemeenten
fen de Greate Tsjerke, en seach nimmen net, ek gjin
dominy, nei hjarren om. Ynwindich strele it hjar dan ek
eindlik ek ris bitocht to wirden. Mar dan ek wer wisten
hja net rjucht ho der oer to tinken. Ek alris frege immen
kâld gnyskjend oan Geart: ,,Is jo it nijs al oerkrante?"
    ,,Hwet nijs jù - hwet ding?"
    ,,Nou jy hoege net nei de ,,kundige" wei to freegjen."
    ,,Ja, ik hab 't heard en myn forlangst is det God it de
kroane op sette mei," spriek Geart, en it each sparkele
him.
    't Wier in moaije maitiidsjoune mei helderkleare moanne-
skyn, do't Horn yn 't Heidenskip kaem. De timmerwinkel
hie in kreas foarkommen. Hjir en der hinge in âld lampe
dy 't in reade skimerskyn útjoech. De banken stieden
moai yn 't gelid; de ljue koeden komme. En hja dagen
op; 't waerd proppefol. Horn spriek ienfâldig, mei fjûr
en oandrang, sa 't him eigen is, mar teffens warskouwjend
mei de eask: bikearje jimme! En 't wird sloech yn.
Derfen joech de ynsamling by it útgean bliken. In pongkje
hie Geart op dit stuit noch net, mar yn ' e skeal dy 't er
de ljue by de doar foarhoud blonk mannich sulverstik.
    Horn kindige ôf, as 't wirde koe, scoe er nei forrin fen
in moanne wer komme. Simmerdei gie it goed, mar nei-
hjerst en winterdei makke it lêstich in pear ûre to klû-
merjen yn dy sigerige skûrre. En sa foel op in dei Geart yn
tsjin syn wyfke: ,,De ljue mei de bern meije net sa kâldklû-
merich sitte; wy sette ús kachel yn de timmerwinkel as
't sneinsskoalle en as 't preekjoune is, 't is mar for in stikje
fen de dei, en as 't út is nim ik de kachel ûnder de earmen
en helje him derwei, en derby de myldte falt ek al wer yn.''
Dertsjin koe hja net folle abbelearje en de oare deis
biskarrele Geart op 'e streek al foege einen kachelpiip,
wol ynroaste en ynwettere, mar for syn doel net ûnbrûk-
sum; hja hoefden ommers net foar it winkelfinster to liz-
zen. Mei kramtried krige er de tastel omheech; it hong
bryk en skeef, doch de foarsoarch tsjin brân en reek wier
der. Mei dat al - it delsetten wier in tôch en it wei-
nimmen in til, en ûnderwiles sieten wiif en bern faken
to klappertoskjen. Mar ljeafde makke de herten waerm en
den fielt in minske ek de kjeld sa net.
    Sa roun it nei Krysttiid. Geart fortelde de bern ho 't
de Heare Jezus sa earm west hie, det er as njunken okse
en ezel yn de krêbe laei, om mar folút Sillichmeitser to
wêzen. ,,En,'' foege er ta, ,,as God wol, komt er op 'e
sneinsskoalle ek in lyts feestje fen, hwent greater heil
dan Jezus' komste wier der nea en my tinkt jimme krije
dan wol sûkelade en ek ien for ien in pryske."
    Om to slagjen sa skoan it woe, sjoksele Geart wer de
streek lâns nei de bêrn hjar âlden en de feestjeften dijden
net ôf. Fen sels, der hearde ek in krystbeam by, mar
yn it Heidenskip, in lân fen kij en skiep, binne dy frjemd.
De kant út nei Sondel-Rys, it suden yn, dêr binne hja
neier to finen; dêr stean greate bosken alhiel fen moaije,
griene sparren. Dêr wier materiael for in krystbeam.
    It wintere fyntsjes en de Hegermar wier ien bonk iis.
In slide waerd úthelle, de redens ûnder de soal boun en
fjouwer man sterk gie it der op ôf. It iis wier spegel-
glêd, de mar in flier fen kristal. Mar men wier pas in
lyts ûre fen honk, do kaem der in dûnkerskiere snieloft
opsetten. De mar oer dwarrelen en pytsken de flokken
al. Geart-en-dy wieren bliid, det hja de oerkant hieden.
Hja loeken de slide oer de polderdyk en it lêste ein nei
Rys gie mei it skoenmakkersweintsje.
    Foar it slot fen mynhear Van Swinderen laei de snie
al oer de foet heech. Lokkich kende ien fen hjarren de
rintmaster en dizze sei: ,,hâld it jild mar yn de bûse;
de sparrebeam kostet niks; gean mar nei de houtbaes.
En hja bokselen wer troch de snie.
    It wier steatlik stil yn it bosk, as yn in timpel; de
beammen stieden as pylders; neat dan in skelgeijende
wâldekster liet him hearre. ,,Siikje mar in beam út'', sei
de boskbaes. Geart omfieme mei it bleate each de sparren
om him ta en forlike hjarren mei de hichte fen syn
skûrre. De gong troch it bosk wier him as nei in feest,
der 't oer de tafel in swilk fen damast laei en der 't de
Heare Jezus oansitte scoe. ,,Hjir stiet in kliene, geve", sei
er, wylst er in jonge spar oantsjutte, en mei in klank
fen blijens yn syn stim, lyk as er hwet tige ljeafs foun hie.
    ,,Jimme moatte him sels mar dellizze'', sei de houtbaes.
,,Graech'' - andere Geart, ,,ik hab reap en tou fen bei-
den; ek in hansum byltsje en in seach.'' In lyntsje waerd
nou boppe oan 'e beam boun en Geart bigoun de hou. It
trille en gûnze deroer. De slach klonk fier troch it bosk.
Nou koe men noch better hearre dan sa pas, ho great en
djip de stiltme rounom wier. Op 'e genadeslach flijde de
beam him sûntsjes del op de sniewite spriede. En do 't
er der yn syn langte hinne laei, sei Geart sa golwei:
,,hwet is 't  in moaijen-ien; dy scil yn myn skûrre pronkje
as in breid dy to brulloft giet."
    De boskbaes waerd in dofke tatreaun, de beam op de
slide hise en de tobekreis ûndernommen. It wier skimer-
joune, do 't men thús kaem.
    Krystjoune striele de spar fen barnende kerskes en wol
fyftich gouden ballen. Elk dy 't seach wier forgulde mei sa'n
pracht. De skûrre wier nou net sittende- mar steandefol.
En sa de ien as de oar hearde mei oandacht nei hwet te
eare fen it Krystbern forteld waerd. Ien fen Gearte frjeo-
nen wier mei de soan oerkomd út Snits om mei sjongen
en fortellen it feest fleur by te setten. Geart hie de jouns
sa 'n pryslike wille, det de oare deis wier it noch nei-
feest yn syn sielel, inkeld om 't it Krystevangeelje yn it
Heidenskip.
    De winters sukkele it sa troch yn de sigerige skûrre,
mar elts seach wol yn det it gjin spul op in dûr wier.
Ek siet men to twang, sadet folle tiden ljue tobek gyngen.
De Heidenskippers poarren Geart dan ek oan, hy scoe de
skûrre forgreatsje.
    ,,Ja wol," sei er, ,,mar mei sizzen is it net to dwaen;
dwaen is in ding; as jimme stean for it materiael scil
ik it wirk om de saek dwaen."
    ,,En ho is jou bigreating om-ende-by?"
    ,,Om 'e tachtich goune hinne."
    ,,Gean dyn goai dan mar, dy som wirdt tasein, kom
letter for de kosten bylâns."
    Sa rekke 't klear en Horn kaem om de forgreate skûrre
yn to wijen. Nou hieden alle ljue plak, mar do 't oan
opdokjen ta wier, mocht Geart mei hingjen en skûrren
pas by de fjirtich goune oprinne en it to koart koe er
sels bylizze. Hy wie lokkich flink yn 'e fortsjinst, oars
hie it faeljekant útkommen.
    Wer forstriek in simmer; wer hie Geart geregeld sneins-
skoalle en Horn preekjoune hâlden, mar do iis en snie
yn it lân kamen, hieden jy wer it selde karkweikjen mei
de kachel. En al gearre Geart alle stikken en stealen
op dy 't mar brânne woeden, en al stookte er de kachel
oan boppe ta fjûrread, de ljue rybosken noch fen kjeld.
Dochs houd er Krystfeest mei de bern en men kaem
wer de winter troch. Mar de ljue hieden sa'n kjeld skipe
ûnder Horn syn preekjen, det hja der danich oer lamen-
tearren. Geart fielde wol: it sin hinge nei in stiennen
tsjerkje, mar hy sei: jimme habbe goed praten, mar as
jimme gjin tachtich goune gearbringe kinne, ho scoe it
stiennende gebouw hjir dan komme to stean? En dochs
leaude er, it scoe derta komme, mar net út hjar pongen.
    Soms tocht er ek: de saken reitsje yn onstjûr. Hwent
it bleau alles net sa fredich mei de prekerij. De ljue
waerden gewaer, det it in danige útwirking hie. Syts de
widdou dy 't oan Geart hjar stâl forhierd hie, kaem ta
hertgrounlike bikearing, en ek hjar broer dy 't Geart in
twade hân by it bouwen west hie; en dan fierder in stik
of fiif boeresoannen. It dûrre net lang, do wieren der toal-
ve, dy 't Jezus hjar Hear en Kening neamden. En dit
klofke bigoun op Snein by Syts gear to kommen om
Gods wird to oertinken. Hja laeijen der ek net for om,
yn tsjinst fen de Heare libje to wollen, en hja fiteren
oaren oan dyselde wisse wei op to gean. Mar oaren koe-
den dat mar sahwet, sahwet daeije. Fen Horn, op de
preekjoune, woeden hja hjar it noch sizze litte, doch
samar net fen Syts en fen Jan en fen Ipe. Sa kaem der
gehaspel yn 't Heidenskip. En fensels dit wier noat op de
moulne fen Satan, dy 't altiten graech stokelje wol. De
kastelein wier der ek min oer to sprekken det de ,,finen"
him sa'n skea dieden en him dermei op swart sied sette
koeden.
    It boaze njunkenlytsen oan, mei det der plannen wieren
oangeande in nij stiennen tsjerkje. Foaral de Roamsken
wieren kûgelsk om al dy bigripen en plannen. Beide de
Greate en de Lytse Tsjerke bigounen it yn de kamp to
setten. Men seach nou domnys en in pastoar yn 't Hei-
denskip. Gearte-folk siet lykwols ek net stil en brochten
in hele batterij fen forstjûrbledtsjes yn it gewear, der 't
nammen ûnder stieden as: Frans en Marten Deinum, Ate
Demmer, M. Kuipers, J. Dykstra en Geart de Boer. Troch
de oanbifeling fen in pear dominys, sa as de Koe út Utert
en Roozemeijer út Middelboarch smieten dy in goede tû-
zend goune op. Syts, de widdou stie in stik groun for
it doel ôf, en Slachtmoanne 1879 wier it gebou fierhinne
klear.
Friso 16-08-1879
H.H. de J. = Herre Hylkes de Jong
    Men hearde dytiids gauris fan nuvere dingen yn it
Heidenskip. Sa wier Geart ris dwaende in izerne roede
mei forguldene hoanne op de foargevel fen it tsjerkje to
setten, do 't just de Helboer (sa neamd nei de sate ,,de Hel'' yn 't Heidenskip) dat sa lâns gie. ,,Moat der
in hoanne op?" rôp er Geart ta; ,,set earder Horn syn
kop der op.'' Geart sei neat, mar tocht der sines fen.

  Koart dêrop ried de Helboer, dy 't Roamsk wier, op in
joune nei Warkum, der 't de paters preekje scoeden. De
hynzers, dy oars laemmak wieren, waerden kjel, bigounen
to stegerjen en stouden op de rin. De boer tommele fen
it foarkret ôf en foel foaroer mei de holle twisken it stok-
ramt en in izeren bout. Do 't hja de hynzers ta stean
krigen, wieren de siken der by de boer al út, en hja koe-
den de holle haest net twisken stokramt en roede wei krije.

    De lêste fan de Slachtmoanne wijde Horn it lokael yn mei de wirden út Matth XI fêrs 30: ,,Komme harren jimme
allegearre dy 't wirch en biswierre binne en Ik scil jimme
rêste biskikke. Nimme myn jok op en leare fen My, dat
ik sêftmoedich bin en dimmen fen herte en jimme scille
rêste fine for jimme sielen. Om 't Myn jok is sêft en Myn
lêst is licht." As oantinken fen dy dei en dat wird stiet
yn de foargevel in stientsje, der 't ynbikke is: ,,kom tot
Jezus."
    Horn gie nou for in healjier yn 't Heidenskip to wenjen,
hwent it waerd in hirde kriich hwa 't de ljue for him
winne scoe. Der kaem nou sels op Sneinen in tsjerke-
skip op Aldegea yn de feart. Syts rjuchte in breid- en
naeiskoalle op, der kaem in jongfeinte- en in jongfamme-
foriening, der kaem in sjongerij. Tsjinoer it tsjerkje
liet in boer in briljante boerkerije delsette, mar dat ,,neare
ding," dat tsjerkje - hy koe it net fele; pûr-lilk liet er
him ûntfalle: ,,Men scoe it mar oan de ljochte lôge wije."
Mar it kaem oars; hwent do 't de pleats noch net ôftim-
mere en troch ,,assuransje" biwisse wier, barnde er
by de groun ôf. Horn wier just yn de tsjerke. Yn ienen
sloech de flamme ta it dak út, en pas in heal ûre wier
forroun, do laei it yn koallen en sintels.

Friso 20-08-1879

Friso 20-08-1879

kaartsje fan Brânburren
tusken 1883 en 1887
De gebouwen fan boppe ôf binne fan:
Wiebren Wiebes de Jong (nr 566);
de kûper Marten Kuipers (nr 567);
de winkelman Age Feenstra (nr 705);
mei dêrnêst in stikje lân (nr 694), dêr't yn 1886 de Herfoarme tsjerke komme sil;
yn 1882 boud hûs mei timmerskuorre fan Catharinus Kuipers (695/696);
de yn 1883 boude skoalle (704);
en as lêste de persielen fan de Heidenschap Vereniging tot Evangelisatie (nrs 701-703)
it tsjerkje fan Geart de Boer is giel ynkleure.
    It sa op in hottefyljen, det men 't op Horn syn lib-
ben oanlei. In keppel ljue hokken gear om op in preek-
joune him op it liif to fallen. Der kaem safolle folk op
'e lappen as seltsum yn 't Heidenskip by ienoar west
habbe scil. Trije man scoeden it lokael yngean, dan
scoeden hja in sein jaen, en dan scoeden oaren fen bûten-
om der ynglûpe en scoe it jilde: ,,pak oan!" Elk wist
derfen, Horn ek; en det it gjin loswei praetsje wier, bliik
hjirút dat Age Feenstra, dy 't mei winkelgoed sutele, by
de master in ûndertekene forklearring ôfjoech, det er op
it bispritsene ûre net yn it Heidenskip west hie; hy woe
der letter gjin omsoarch fen habbe, as it ta getugen kom-
me mocht.

    De Heare scoe lykwols dy talliz fortribelje. Horn bigoun
de gearkomste mei gebet. Hy bidde mei it each op de
dingen dy 't to duchtsjen stieden. Hy fielde det de Heare
by him wier. Foar him sieten de trije rakkerts dy 't him
nei 't libben stieden en hjar eagen sprinkelden fen grym-
mitigens. Mei bûtengewoane sizzenskrêft forkindige Horn
dy joune it Evangeelje. En de útwirking wier boppe
miette. De nidige koppen sakken al leger en al leger,
it wrekfjûr fordwoun út de eagen; fen it jaen fen in te-
ken kaem neat. It wird hie hjar oanpakt yn pleats fen
hja Horn. Dy bûtendoar stieden, wachten omdôch en
waerden op 't lêst ûnforduldich. ,,Ik jei der hagel en
krûd yn," rôp der hwa. Lûd klonk in skot yn de oars
stille joune; de bangerts waerden sa kel fen it lûd, det
hja allegearre tagelyk foartstouden.

Op in oare kear, op Himmelfeartsdei trap Horn nei
de Gaestmar, om der in pear ljue to forsiikjen. It wier
in wei oer sleat en dyk, oer daem en hikke. Hy hie de
moarns yn it Heidenskip preke oer Handel. I fers11:
,,Jimme Galileeske mannen, ho steane jimme sa en digerje
nei de himmel? Dizze Jezus, dy 't fen jimme weinommen
is nei de himmel, scil sa weromkomme, allyk jimme him
nei de himmel farren sjoen habbe." - Hy hie dudelik
makke, dat in Christus gjin kophinger is, mar just nei
boppen sjucht, der 't  de helpe wei komme moat, mar dat
in wrâldsk minske as in molwrot oan 'e ierde festsit.
Noch ûnder de neiwirking fen it útspritsene roun by de
greidlannen troch oant er foar in wide sleat kaem. En
lokkich, just op dat eagenblik seach er net nei boppen,
hwent der wier in hele jaep modder út de sleatswâl
stitsen en it gat wier los mei gêrs oanfolle en deroer de
planke lein. Hie Horn der in foet op set, hy wier foaroer
yn de sleat tommele. En de boer flakby, dy 't foar in
finsterke al loerke, hie him by foarried als op dy noft
forgappe. Mar it barde oars; Horn seach, de planke laei
wannich, wipte him mei de gongelstok om, sa 't hja
steviger to lizzen kaem, en pantele sûnder drokte fjirder.

    Geart moast ek ûnderfine ho 't arbeidzjen for it Evan-
geelje net mar inkeld roazen is en sinneskyn. De ljue
lieten him gjin sint mear fortsjinje,
hwent hy wier ta de Dompelders (= Baptisten) oergien en hy hie talitten dat er yn it tsjerkje in dompelkûpe mitsele waerd.(1)
En do 't dit folút in
jier omseamele, twong de need him it Heidenskip de rêch
te to kearen. Ek syn frjeonen wieren der oer en tofolle.
Horn moast syn plak for oaren romje. Der kaem gans
foroaring. It tsjerkje op Syts har groun is yn hannen
fen de Grifformearden rekke. En út alles is dit foart
kommen: de rouwens en it maltiergjen fen eardertiid
habbe dien krige. En hja, dy 't yn Gods hân derta de
foetting lein habbe, binne Geart de Boer, Horn en Syts,
de widdou. Hjar nammen meije yn it Heidenskip yn
tankber neitinken forbliuwe.

AEILT FEN KRITSUM (2)

  (1) dizze sin stiet net yn it blêd fan it Selskip, mar yn it boek It Frysk Réveil yn portretten. 2e pr. Boalsert 1938
  (2) Aeilt fen Kritsum is de skûlnamme fan dr. G.A. Wumkes.
Yn it Tiidskrift fen it Christlik Selskip for Fryske Tael- en Skriftenkennisse "Yn ús eigen tael" ûnder bistjûr fen Dr. G.A. Wumkes waard dit ferhaal foar it earst publisearre (1910).

Foto mei in fragmint fan it tsjerkje.
Te sjen is in part fan it tuorke (1906)